Middenstân Cambuurplein Ljouwert wol ôf fan Lunato-merke

23 des 2015 - 17:58

De tradisjonele Lunatomerke dy't yn it foarjier op it Cambuurplein yn Ljouwert stiet, moat fan dat plak ferdwine. Dat is de winsk fan de middenstân op dy lokaasje. Se biede de organisaasje in ôfkeapsom fan hast 10.000 euro om de merke te kearen. De stichting Lunato Kermis Leeuwarden ferdielt alle jierren in selde bedrach út de opbringst fan de merke oer trije buertferieningen.  

Neffens foarsitter Alfred Wisman fan de middenstânsferiening misse de winkels in soad klandyzje troch de merke en rint de skea yn de hûnderttûzenen euro's.

Guon winkels gean fanwege de oerlêst sels hielendal ticht. Njonken it jildbedrach wol Wisman ek sykje nei alternative lokaasjes. Lunato-wurdfierder Douwe de Vries fielt neat foar it foarstel. Lunato sit al mear as 50 jier op it Cambuurplein en dat moat neffens De Vries sa bliuwe. De ûndernimmers wolle no mei de gemeente yn petear om in oplossing te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)