Middenfjild probleem Cambuur

12 mrt 2009 - 12:52
  • Danny Guijt is skorst

Cambuur hat foar de wedstriid tsjin Telstar de nedige problemen op it middenfjild. Sandor_van_der_Heide en Danny_Guijt binne skorst; Erik_Wegh is blesseard.

Trainer Stanley_Menzo tinkt noch nei oer de oplossing. In mooglikheid is om Rachid_El_Khalifi as middenfjilder te brûken. Beekmans en Cherry binne de oare middenfjilders. Dy oplossing soe betsjutte dat Cambuur dan mei twa oanfallers spylje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)