Middendorp 2e Amsterdam-Beijing

22 jul 2006 - 15:49

De Mercedes fan Wim Middendorp út Bakkefean docht it goed yn de klassike autorally Amsterdam-Beijing. Op it stuit stiet de Mercedes op it twadde plak yn it klassemint. De dielnimmers binne freed oankaam yn Turkije.

Underweis giet it der faak rûch oan ta. In kamera-auto fan RTL7 sloech freed oer de kop. Ek de Mercedes moast al in pear kear reparearre wurde. Op 11 augustus komme de auto's oan yn Beijing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)