Middelseefúzje besprekber

28 sep 2011 - 13:46

De fjouwer Middelseegemeenten slute in fúzje net langer út. Ferwerderadiel, It Bilt, Ljouwerteradiel en Menameradiel ha ôfpraat dat se mear gearwurkje sille op it mêd fan ûnderwiis, jeugdbelied, iepenbiere oarder en feiligens. De taken wurde oer de gemeenten ferdield.

Ien gemeente fiert dan de taken foar de fjouwer gemeenten út. Yn 2014 wurde de resultaten ûndersocht. As dat net genôch opsmyt, is de kâns grut dat de gemeenten mei-inoar fusearje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)