Middelseedyk as Ryksmonumint?

11 feb 2004 - 00:00

De âlde middelseediken moatte in ryksmonumint wurde. Dat fynt de Stifting ta behâld fan de Middelseediken Menameradiel. As de diken in beskerme status krije, kin foarkommen wurde dat se fernield wurde troch de oanlis fan it saneamde noardwest-tangent. Dat is de nije dyk tusken Stiens en Ljouwert.

De middelseediken binne makke om it jier 1300 hinne. Se binne noch hieltyd goed herkenber yn it lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)