Middelfinger tsjin plysjes

07 mrt 2013 - 10:59
  • Plysje-embleem

It opstekken fan de middelfinger nei de plysje hat in 20-jierrige frou út Ljouwert in proses-ferbaal opsmiten.

Woansdeitenacht makke se it gebaar nei twa plysjes. Doe't se de frou oanhâlde woenen, fersette se har hjir tsjin. De frou is meinaam nei it plysjeburo. Se hat proses-ferbaal krigen foar mislediging, ferset en bedriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)