Middel wol Fryslân opheffe

31 jan 2007 - 23:58
  • Boargemaster Bert Middel wol ien Noardelik lânsdiel.

Boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân fynt dat Fryslân opheven wurde moat. Middel sei dat woansdei op in ferkiezingsjûn yn Assen. Sûnt hy boargemaster is fan Smellingerlân wurdt it him hieltyd faker dúdlik dat de gemeente goed sûnder provinsje bestean kin.

Middel wol it leafst ien Noardelik lânsdiel mei in keazen foarsitter. De provinsjes moatte wol har eigen identiteit behâlde, sa fynt Middel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)