Middel tsjin sluten fleanfjild

30 jun 2006 - 17:15

Boargemaster Middel fan Smellingerlân hat tongersdei yn de ried sein dat er it perfoarst ûniens is mei de moasje dy't de ried 10 jier lyn oannommen hat oer it sluten fan it fleanfjild by Drachten. It bestjoer fan de Stichting Vliegveld Drachten en de boargemaster sille nije wike oer dizze kwestje prate.

Yn Fryslân is Drachten it iennige plak dat in fleanfjild foar de boargerloftfeart hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)