Middel tsjin skealike gassen fee

22 jun 2004 - 17:44

Wittenskippers hawwe in faksin fûn om wat te dwaan oan it metaangas yn boeren en sketen fan kij en skiep. Neffens it Dútse blêd Technology Review kin it middel in wichtige bydrage leverje oan de striid tsjin it broeikaseffekt.

It middel is al test op skiep yn Australië. Dêr die bliken dat de skiep al 8 persint minder metaangas produsearje. In skiep produsearret elts jier 7 kilo metaangas, in trochsneed ko is goed foar 114 kilo yn 't jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)