Middel mei graach húshâlde

01 maaie 2002 - 00:00

Bert Middel besteget acht oeren wyks oan húshâldlike taken. It PvdA-keamerlid hie sels tocht dat er der 25 oeren mei dwaande wie. It FNV-frouljusbûn hat de enkête hâlden ûnder de politisy. De measte oaren dienen minder yn de hûs.

Middel, dy't yn Kollum wennet, hat it wurk mei syn frou ferdield. Utsein ruten himmelje, fynt er húshâldlike putsjes ûntspannend. 'Je ha fuort resultaat'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)