Middel langer yn Smellingerlân

06 jul 2011 - 11:32
  • De ynstallaasje fan Bert MIddel yn 2005

De kâns is grut dat Bert Middel noch seis jier boargemaster fan Smellingerlân bliuwt. In kommisje út de gemeenteried hat hjir in posityf advys oer útbrocht. De gemeenteried is ek posityf.

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma stjoert it advys troch nei de minister fan binnenlânske saken. Bert Middel is sûnt desimber 2005 boargemaster fan Smellingerlân. De nije beneaming moat yn desimber yngean foar in perioade fan seis jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)