Middel: koartere tredde helte

23 jan 2008 - 15:40
  • Middel: de tredde helte mei net langer duorje as de wedstriid

Boargemaster Middel fan Smellingerlân wol dat de ferkeap fan alkohol yn sportkantines foar in part ferbean wurdt. Neidat de lêste wedstriid fan de dei spile is, mei der noch in oere lang bier ferkocht wurde. Dêrnei moat it oer wêze.

Bert Middel makket him soargen oer it alkoholmisbrûk ûnder jongerein en wol dêr wat tsjin dwaan. Takom moanne wurdt it foarstel fan Middel bepraat yn de gemeenteried fan Smellingerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)