Middel iisgroei ûnder brêgen

03 jan 2011 - 12:41

It bedriuw Arcadis seit de oplossing fûn te hawwen foar de iisgroei ûnder brêgen. Faak is it iis op dy plakken minder sterk, omdat dêr minder hurd friest. Neffens yngenieur Martin Voorma is dat probleem maklik op te lossen troch doeken op te hingjen. Sa kin de waarme lucht fuort en de kâlde lucht der krekt wol by komme.

De Iiswegensintrale wol net reagere op dit idee. Neffens har wurde der faak ideeën betocht, mar yn de praktyk docht bliken de plannen noait wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)