Middel beëdige as dykgraaf

18 jan 2012 - 20:59
  • Bert Middel

Bert Middel is woansdeitejûn beëdige as dykgraaf fan it wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân. Yn syn taspraak sei Middel dat troch de situaasje mei it wetter de ôfrûne wiken minsken wer witte wat it wetterskip is. Dat soarget foar maatskiplik draachflak. Hy is yn earste ynstânsje gjin foarstanner fan in fúzje fan de wetterskippen.

Gearwurking is goed op mominten dat it nedich is, mar fúzje moat net in doel op himsels wêze, sa fynt er.

Ek wol hy graach dat de wetterskipsferkiezings tagelyk hâlden wurde mei de gemeenteriedsferkiezings. Dat soe geunstich wêze foar de opkomstsifers. De 59-jierrige Bert Middel wie earder boargemaster fan Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)