Mid-Fryslân yn degradaasjesône

03 mrt 2013 - 18:07
  • Kuorbal

Haadklasser Mid-Fryslân is sneon yn sporthal De Twine yn Grou kânsleas mei 11-24 ûnderút gong tsjin Tempo. De ploech út Grou en Reduzum begong goed oan de wedstriid en koe de gasten út Alphen aan den Rijn de earste helte knap byhâlde. By rêst stie der in tuskenstân fan 7-10 op it boerd.

Nei it skoft sette Tempo sok en rûn út nei in 7-13 foarsprong. Dêrnei koenen se de de wedstriid ienfâldich útspylje. De haperjende doelpuntemasjine oan de kant fan Mid-Fryslân kaam yn de twadde helte nammentlik net fierder as fjouwer treffers.

Troch it ferlies en de winst fan konkurrint GKV op de nûmer lêst Hoogkerk sakket de ploech fan trainer Arjan Kreeft mei 7 punten út 13 wedstriden nei it ien nei lêste plak. Takom wike stiet de wichtige lêste wedstriid tsjin GKV yn Gorinchem op it programma. Allinne by winst bliuwt Mid-Fryslân yn de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)