Mid-Fryslân wint topper

24 maaie 2009 - 16:56

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha sneintemiddei de topper yn de oergongsklasse mei 19-15 wûn fan VADA. De ploech út Wageningen begûn better oan de wedstriid as Mid-Fryslân. Troch in geweldich tûke Wiebe Huitema hie de thúsploech op it fjild yn Reduzum by it skoft dochs in 10-8 foarsprong.

Yn de twadde helte waard it noch 16-15, mar de einsprint fan Mid-Fryslân wie oertsjûgjend. Mid-Fryslân giet, mei noch ien wedstiid te spyljen, allinnich oan de lieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)