Mid-Fryslân wint spektakel

28 nov 2010 - 16:10
  • Mid-Fryslân wûn mar krekt

Kuorbalklup Mid-Fryslân hat sneintemiddei nei in spannende wedstriid mei 28-27 wûn fan Eibernest. De hiele wedstriid gie it skoareferrin lykop, by rêst stie it dan ek 15-15.

De ploech fan trainer Peter Tolsma pakte de winst úteinlik nei in lêste skoare fan Janny Huitema. Yn deselde haadklasse spile LDODK út De Gordyk en Terwispel mei 18-18 lyk tsjin VADA. Sneon wûn SCO de Fryske derby fan Drachten mei 26-19. Dêrmei stiet LDODK nei trije wedstriden mei OVVO boppe-oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)