Mid-Fryslân wint fan LDODK

29 maaie 2011 - 16:18
  • Mid-Fryslân

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein mei 16-11 de derby fan LDODK wûn. Dermei hanthavenet de ploech út Reduzum en Grou mei noch twa wedstriden te spyljen de druk op koprinner VADA fan de haadklasse B.

Troch it ferlies liket it kampioenskip foar LDODK fier fuort. De wedstriid gie lang lyk op, al miste LDODK in oantal strafworpen. Mid-Fryslân stiet op it stuit twadde en hat noch sicht op de titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)