Mid-Fryslân wint fan Drachten

13 des 2008 - 22:38

Mid-Fryslân hat sneontejûn de Fryske twastriid yn de sealkuorbalhaadklasse mei 22-19 fan Drachten wûn. Yn sporthal De Twine fan Grou wie te min spektakel. By it skoft stie de thúsploech mei 11-5 foar. Yn de twadde helte kaam nei 20-14 de spanning wol wat werom, mar echt yn gefaar kaam de oerwinning fan Mid-Fryslân net.

Drachten bliuwt troch it ferlies op twa punten út fiif wedstriden stean. Mid-Fryslân stiet yn de boppe-ein mei acht punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)