Mid-Fryslân ûnderút tsjin DVO

06 okt 2012 - 17:00
  • K.v. Mid Fyslân
  • Kuorbal

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon mei 19-13 ferlern fan koprinner DVO. De gasten út Bennekom pakten fan it begjin ôf de lieding. De ploech fan trainer Arjan Kreeft koe yn it earste kertier knap de oansluting hâlde, mar by 6-4 moasten se de koprinner gean litte. DVO rûn ienfâldich út nei in 12-6 tuskenstân by it skoft.

Ek yn de twadde helte hold de koprinner de marzje op 6 doelpunten. Mid-Fryslân wist fia topskoarder Marvin Smorenburg en ynfaller Sjoerd Pool de skea lykwols te beheinen.

Fanwege it minne fjild yn Reduzum waard de wedstriid spile op it keunstfjild yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)