Mid-Fryslân mei 18-12 ûnderút

09 sep 2012 - 17:33
  • Kuorbal

Mid-Fryslân hat snein it earste kompetysjeduel yn en tsjin Wageningen mei 18-12 ferlern. By in stân fan 5-4 ferlear de ploech fan trainer Arjan Kreeft de oansluting. In wichtich doelpunt fan Mid-Fryslân waard ôfkard, wernei't Wageningen útrinne koe oant 9-4. By in rêststân fan 13-7 sochten beide ploegen de klaaihokken op.

Yn de twadde helte hienen de kuorballers út Reduzum en Grou it ferdigenjend goed foarelkoar. Skoarend liet Mid-Fryslân it lykwols ôfwitte, wêrtroch Wageningen op in fertsjinne oerwinning ôfgie.

Trainer Arjan Kreeft wie nei ôfrin tige te sprekken oer it spul fan de twa nijelingen Nynke Sinnema en Sietske Hoekstra. Tongersdeitejûn om 20.30 oere spilet Mid-Fryslân yn Grou tsjin SCO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)