Mid-Fryslân krijt tik op noas

07 maaie 2011 - 17:43

Kuorbalhaadklasser Mid-Fryslân is sneon thús tsjin in 19-16 ferlies oprûn. It Amsterdamske Rohda wie te sterk en dat betsjut dat de kopposysje fan de ploech fan trainer Peter Tolsma ûnder druk komt.

Rohda hie de hiele wedstriid in foarsprong, mar yn de twadde helte kaam de Fryske haadklasser mei 14-15 tichtby, mar doe joegen de besikers wat mear gas en wie it gau besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)