Mid-Fryslân koprinner

15 maaie 2011 - 16:20

Kuorbalhaadklasser Mid-Fryslân út Reduzum en Grou is nei dit wykein de nije koprinner yn de haadklasse B. De ploech fan trainer Peter Tolsma wûn mei 25-18 fan AKC. Yn deselde haadklasse fan it fjildkuorbal wûn SCO mei 21-14 fan VADA.

De winst fan SCO wie in opstekker, omdat trainer Jan Sjoerd Pool dizze wike opstapte. Ald-spiler Bauke de Vries joech snein lieding oan it team út Aldeholtpea, tegearre mei Aegle Frijswijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)