Mid-Fryslân kampioen

06 jun 2009 - 17:22

Kuorbalferiening Mid-Fryslân út Reduzum en Grou is kampioen wurden fan de oergongsklasse C. Troch in 14-13 oerwinning op Tweemaal Zes yn Maartensdijk sit it kampioenskip yn de knip.

De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool moat no mei Tempo fan Alphen aan den Rijn, de kampioen fan de oergongsklasse D, yn twa wedstriden útmeitsje wa't takom seizoen yn de haadklasse spilet. De earste wedstriid wurdt takom sneon spile yn Reduzum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)