Mid-Fryslân gjin haadklasser

20 jun 2009 - 17:50

De kuorballers fan Mid-Fryslân, de kampioen fan de oergongsklasse C, binne der sneon krekt net yn slagge om haadklasser te wurden. Tempo, de kampioen fan de oergongsklasse D, waard yn Alphen aan den Rijn mei 24-19 ferslein. Dochs wie dat net genôch om takom seizoen yn de fjildhaadklasse út te kommen.

In wike lyn ferlear Mid-Fryslân op it eigen fjild yn Reduzum mei 24-17. De promoasje is sadwaande mei twa goals ferskil foar Tempo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)