Mid-Fryslân ferliest fan Vada

04 jan 2009 - 16:36

Mid-Fryslân ferlear sneintemiddei de kuorbaltopper yn de haadklasse A fan Vada út Wageningen mei 25-22. Yn de grôtfolle sporthal de Twine fan Grou wie der in spannende striid te sjen. By it skoft wie it 15-14 foar Vada.

Mid-Fryslân naam yn it begjin fan de twastriid de lieding, letter naam Vada de foarsprong oer. Mid-Fryslân stiet nei seis wedstriden tredde mei 8 punten, fjouwer punten minder as de nûmer ien, Vada.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)