Mid Fryslân en SCO ferlieze

21 jan 2007 - 18:00

Kuorbalklubs Mid Fryslân en SCO hawwe snein harren wedstriden yn 'e haadklasse A ferlern. Mid Fryslân ferlear thús mei 20-13 fan koprinner Oost-Arnhem. SCO út Oldeholtpea ferlear yn Amsterdam fan Rohda mei 17-16.

SCO stiet no dield sechde tegearre mei Rohda. Beide ploechen hawwe sân punten út njoggen wedstriden. Mid Fryslân is fyfde mei acht út njoggen wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)