Mid Fryslân-Drachten 27-27

11 des 2010 - 22:13

De kuorballers fan Drachten ha it earste punt yn de haadklasse. Yn sporthal De Twine waard it tsjin Mid-Fryslân 27-27. De hiele wedstriid lang wie it spannend. Yn de earste helte moast Drachten yn de achterfolging, mar it ferskil waard nea grut.

Nei 14-13 healwei, waarden de rollen omdraaid. Drachten kaam foar it earst op foarsprong (18-17) en koe in marzje fan faak twa punten lang fêsthâlde. Marvin Smorenburg soarge mei syn 10e fjildgoal dochs noch foar in MF punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)