Mid-Fryslân bliuwt oan kop

06 jan 2008 - 16:14

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe snein de wedstryd tsjin de nûmer lêst, Oost Arnhem, hiel krap wûn mei 24-23. Yn 'e earste helte like Mid-Fryslân op in grutte oerwinning ôf te gean. Mar yn 'e twadde helte kaam Oost Arnhem werom oant 23-23. Pas yn 'e lêste sekonden koe Mid-Fryslân de winst dochs noch beskreppe.

Mid-Fryslân bliuwt troch de winst nei seis wedstriden sûnder puntferlies boppe-oan yn de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)