Micola ûnearlik behannele

22 nov 2011 - 12:21

Ald-Flyers-foarsitter Danny Micola is it net iens mei de proseduere foar it oanstellen fan de nije foarsitter fan de NIJB, it Nederlânske iishockeybûn. Neffens Micola hawwe der gjin ferkiezings west, wylst dat wol sa heard.

Ruud Vreeman is moandei beneamd ta foarsitter fan it bûn en dat wylst Micola him kandidaat steld hat. Neffens Micola is hy lykwols hielendal net meinaam yn de proseduere en hawwe der nea ferkiezings west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)