Michels dûkt op yn Elslo

01 jan 2002 - 00:00

It stânbyld fan âld-fuotbalcoach Rinus Michels is nijjiersdei yn Elslo opdûkt. Twa wiken lyn wie it byld ferdwûn út de tún fan it KNVB-haadkantoar yn Zeist. Aldjiersploech Vesuvius is de 'skuldige'.

De fyt ferwiist nei it net pleatsen fan it Nederlânsk alvetal foar it WK. Under lieding fan Michels wol de doarpsklub har likegoed noch besykje te pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)