Michel Mulder wint Nijlemmer

27 jan 2010 - 09:30
  • It poadium fan ´e koartebaanwedstriid yn Nijlemmer (foto: Lenus van der Broek)

Michel_Mulder hat tiisdeitejûn de koartebaanriderij yn Nijlemmer wûn. De winner út Zwolle, dy´t traind wurdt troch âld sprinter Jan_Ykema, fersloech yn twa finaleritten Jesper_Hospes.

Jesper_Hospes, de regearjend Frysk- en Nederlânsk kampioen fan It Hearrenfean, fersloech yn de heale finale Sietse_Heslinga fan Warkum. Heslinga waard fjirde, Freddy_Wennemars tredde. Der stiene 24 manlju op de list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)