Michel Mulder wint 500 meter

28 feb 2014 - 19:17
  • Michel Mulder

Olympysk 500 meter kampioen Michel Mulder hat de earste 500 meter fan it NK sprint wûn. Op de nije bûtenbaan fan it Olympysk stadion yn Amsterdam ried Mulder 35.52. Jan Smeekens waard twadde yn 35.60 en Jesper Hospes tredde yn 35.62. Hein Otterspeer, Ronald Mulder, Kjeld Nuis en fiiffâldich en regearend kampioen Stefan Groothuis folgen dêrnei. Letter op de jûn ride de manlju noch de 1000 meter. Op sneon komme se opnij yn aksje op de 500 en 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)