Michel Mulder tichtby titel

01 mrt 2014 - 18:02
  • Michel Mulder

Michel Mulder is tichtby syn earste Nederlânsk kampioenskip op de sprint. De wrâldkampioen sprint en winner fan it goud op de 500 meter yn Sotsji wûn yn Amsterdam ek de twadde 500 meter. Syn tiid wie 35.44. Jan Smeekens waard twadde yn 35.74 en Hein Otterspeer tredde yn 35.76. Jesper Hospes waard fiifde yn 36.23. Yn it klassemint hat Mulder in foarsprong fan 0.76 sekonde op Kjeld Nuis, de fjirde man op de 500 meter. Jûn wurdt de ôfslutende 1000 meter ferriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)