Michaud wint skeelerjen Bantegea

30 maaie 2004 - 00:00

De earste wedstriid yn de Univé Top- skeelerkompetysje waard sneon ferriden yn Bantegea. Alle grutte skeelerders út binnen- en bûtenlân diene mei. Direkt nei de start waard al demarrearre. Nei 10 km ûntstie in kopgroep fan 10 man.

Nei in parkoers fan 35 km, waarden yn it doarp noch fiif rûntsjes fan 8 km riden. Dêr ûntsnapten trije man: Cedric Michaud (Fr.), Kenny Pierloot (B.) en Frank Fiers (B.). Michaud wûn úteinlik de sprint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)