Michaud wint maraton

28 nov 2005 - 15:24

Cedric Michaud hat sneon yn Deventer de sande reedrydmaraton foar de Essent Cup wûn. Bêste Fries wie Bob de Vries fan de Haule op in tolfde plak. Yn it tuskenklassement giet Michaud oan de lieding. Jeroen de Vries fan Sint Nyk stiet op it sechsde plak.

By de froulju wûn Daniëlle Bekkering. Elma de Vries fan de Haule waard twadde en Maria Sterk út Hallum tredde. Ek yn it algemien klassemint giet Bekkering oan de lieding, foar De Vries en Sterk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)