Michaël Zeeman (50) ferstoarn

28 jul 2009 - 09:16
  • Michaël Zeeman is 50 jier wurden

Yn Rotterdam is sjoernalist en literêr kritikus Michaël Zeeman ferstoarn. Zeeman brocht syn jongesjierren troch yn Burdaard en siet yn Dokkum op de middelbere skoalle.

Zeeman begûn syn sjoernalistike karriêre yn de jierren tachtich by de Ljouwerter krante mei it skriuwen fan toanielresinsjes. Ek wurke er by boekhannel De Tille yn Ljouwert. Letter beskuldige de eigner fan de boekhannel him fan it stellen fan boeken en krige er dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)