Michael Nason nije coach fan de UNIS Flyers

03 jul 2015 - 10:58

Michael Nason is de nije coach fan de UNIS Flyers. De iishockeyklup moast op syk nei in nije trainer, om't it kontrakt fan Chris Eimers ôfrûn. Nason wie it lêste seizoen coach fan it belofteteam fan de Flyers.

Om't de Feansters mear ynsette wolle op de eigen jeugd, is Nason neffens it bestjoer in geskikte kandidaat. De Kanadees spile yn syn eigen iishockeykarriêre seis jier foar de Flyers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)