Michael Jansen nei Cambuur

29 maaie 2008 - 12:03
  • Michael Jansen komt by Cambuur

Michael_Jansen spilet takom seizoen foar Cambuur. De ferdigener tekent ynkoarten in jierkontrakt yn Ljouwert. Jansen is 23 jier en spile it ôfrûne healjier foar De_Graafschap. Hy waard troch Feyenoord útliend oan dy club. Earder spile er trije jier foar Vitesse, mar dêr krige er swierrichheden mei it hert.

Dy hertritmesteurnissen binne ferholpen en dus kin Jansen no wer fuotbalje op it heechste nivo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)