Michael Boogerd yn Dokkum

02 maaie 2009 - 12:40
  • Hurdfytser Michael Boogerd

Yn Dokkum is sneontemoarn mei in fytstoertocht in lanlike recycling kampanje út ein set mei de namme Wecycle. Doel fan de kampanje is minsken sa fier te krijen dat se lyts, oerstallich elektrysk guod ynleverje sadat it op ferantwurde wize opromme wurde kin.

Acht Fryske gemeenten, wêrûnder Dongeradiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel ha dêr sneon in konvenant oer ûndertekene mei de produsinten fan elektryske apparaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)