MI-side: gjin ôfspraken makke

03 des 2009 - 22:14

De MI-side, de hooligans fan Cambuur, ûntkenne dat der ôfspraken makke binne mei Go Aheadsupporters om elkoar te moetsjen by Grou. Ek fanút it Go Ahead kamp hawwe se neat heard oer dy plannen.

De geruchten oer de mooglike fjochtpartij wie ien fan de redenen foar boargemaster Crone fan Ljouwert om Go Aheadsupporters te ferbieden nei Ljouwert ta te kommen foar de wedstriid tusken Cambuur en Go Ahead fan freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)