MFS foar Aldegea (Sm.)

17 jan 2012 - 07:18
  • Multyfunksjoneel sintrum yn Aldegea
  • Multyfunksjoneel sintrum yn Aldegea

Der leit no nei 9 jier praten in goed plan foar in multyfunksjoneel sintrum yn Aldegea (Smellingerlân). Der komme bygelyks in húsdokter en in histoarysk ynformaasjepunt yn it gebou. Om oan de beswieren fan de gemeente temjitte te kommen, is it gebou lytser wurden. Dat hat pleatslik belang moandei bekend makke.

De gemeente hat 750.000 euro yn in sparpot sitten, mar eardere plannen út it doarp sneuvelen omdat de gemeente se te djoer en te riskant fûn.

Der leit no in goed plan, dat op in soad stipe út it doarp rekkenje kin, sa seit foarsitter Hindrik Riemersma fan doarpsbelang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)