MFC foar Camminghabuorren

06 feb 2008 - 12:22

Der kin dochs begûn wurde mei de bou fan in nij multifunksjoniel sintrum yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. De wykferiening dêr drige al yn finansjele problemen te kommen troch de fertraging fan de bouplannen.

Dat kaam trochdat de boukosten heger útfoelen as ferwachte. Dat is no oplost. Op 1 maaie giet de skep de grûn yn. It nije multifunksjonele sintrum komt op it plak fan it hjoeddeiske wykgebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)