MFC De Beijer bliuwt ek tiisdei ticht fanwege brân

24 nov 2015 - 10:16

Multyfunksjoneel sintrum De Beijer yn Rinsumageast bliuwt ek tiisdei foarearst ticht. Dêrneist meie de sportfjilden fan fuotbalklup VCR net brûkt wurde. Oanlieding is de brân fan moandei yn in skuorre oan de Tjaerdawei yn it doarp. Dêrby kaam asbest frij. Basisskoalle De Tarissing, dy't njonken de skuorre stiet, waard moandei noch ûntromme fanwege de brân. Learlingen kinne tiisdei wol wer nei skoalle, mar meie allinnich oer paden rinne dy't de gemeente mei linten oanjout.

It bedriuw Search b.v. ûndersiket hoe grut it gebiet is dêr't asbest leit. Dêrnei wurdt it asbest oprêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)