Meul nije keeper SC Cambuur

22 jun 2009 - 19:28
  • keeper David Meul

SC Cambuur hat oerienstimming berikt mei keeper David Meul. De Belch spilet de kommende twa jier yn Ljouwert. Meul komt fan Fortuna Sittard. De 27-jierige Meul spile earder foar klups yn Grikelân en België en tekene ferline jier by Fortuna. Meul spile alle 34 kompetysjewedstriden.

Hy moast de lêste tiid revalidearje nei in operaasje oan syn kaak. Dat wie it gefolch fan in blessuere oprûn yn de wedstriid tsjin Haarlem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)