Meul en Diaz ferlitte Cambuur

26 maaie 2011 - 12:51

SC Cambuur nimt definityf ôfskied fan David Meul en Kevin Diaz. Harren kontrakt rûn nei dit seizoen ôf. Ek Martijn v.d. Laan giet fuort, hy is ta in akkoart kaam mei Go Ahead Eagles.

Cambuur wol graach fierder mei Gijs Luirink, Robbert Te Loeke, Dennis v.d. Wal en Alexander Prent. Sy kinne in oanbieding temjitte sjen. Mei Danny Guijt, Paul Beekmans en Dennis v.d. Ree wurde noch petearen fierd. Robert van Boxel mei by Cambuur revalidearje fan in blessuere oan de achillespees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)