Meubels Pilat nei Israël

06 aug 2011 - 13:54
  • Foto's: Omrop Fryslân

Meubelmakker Pilat & Pilat fan Twizel sil it hûs fan de Nederlânske ambassadeur yn Israël ynrjochtsje. Dat hûs stiet yn Jeruzalem. De ambassade stiet yn Tel Aviv. De konneksjes komme út de tiid dat Pilat noch in winkel yn Amsterdam hie. Hoefolle de opdracht krekt opsmyt, wol de direkteur net sizze. Mar de opdracht is tige wolkom.

Der sille lotsjes lutsen wurde om te bepalen wa't de hinne mei om de meubels te ynstallearjen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)