Meubelboulevard by Snits

10 sep 2006 - 16:57

De gemeente Snits wol avensearje mei de oanlis fan in meubelboulevard op yndustryterrein de Hemmen. De plannen lizze der al in skoft.

Boargemaster en wethâlders wolle it bestimmingsplan no oanpasse, sadat de meubelboulevard der komme kin. Se fine dat dy moai past by Snits. Hielendal as it nije trasee fan de A7 klear is. Dan leit de winkelstrjitte moai by de yngong fan de stêd, oan de westkant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)