Meteoryt nei Planetarium

09 sep 2002 - 00:00

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat moandei in nije oanwinst begroetsje kinnen. In partikulier hat in meteoryt yn brûklien jûn, fûn yn de Namib Woestyn yn Súdlik Afrika.

Konservator Warmenhoven is tige wiis mei de meteoryt, om't it in grut eksimplaar is en dy wurde net faak fûn. De stien is 25 sintimeter grut en waget 12 kilo. Nei tongersdei is er te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)