Meteoar ek yn Fryslân te sjen

14 okt 2009 - 12:19
  • Dit seach Luitzen Feenstra yn Frjentsjer

In soad minsken ha tiisdeitejûn om in oer as sân in geheimsinnige fjoerbal sjoen yn de loft. It KNMI meldt dat it in meteoar wie. Neffens stjerrekundige Hans Molema fan Burgum moat it tafriel heech yn de atmosfear plakfûn ha. It wie yn it hiele lân te sjen.

Minsken seagen fjouwer ljochtspoaren, dy't nei oardel sekonde wer útgongen. Ek kamen meldingen binnen fan trillingen yn gebouwen en yn de grûn, trochdat de meteoar troch de lûdsbarriêre gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)